Plannen Tesselschadestrjitte

Genôch parkearplakken, mear grien en frijlizzende fytspaden. Dat wolle de bewenners fan de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert graach. Dat waard tiisdeitejûn bekend by in ynrinjûn oer de nije ynrjochting fan de dyk. Der wiene sa'n 60 belangstellenden.
De gemeente wol de brede dyk graach oars oanklaaie. Derom mochten bewenners en bedriuwen harren miening jaan. De ideëen wurde meinaam yn de plannen. Yn jannewaris is der in twadde gearkomst. Dan wurdt bekend makke hoe't de dyk der út komt te sjen.