Famke ferwûne nei fal mei fyts
In famke fan 13 jier út Bakhuzen is tiisdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Ds. Tinholtstrjitte yn Koudum. It famke foel troch noch ûnbekende oarsaak mei har fyts. Se rekke mei har holle in bestelbus. It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.