Plysje siket Volvo nei oerfal

De plysje siket in griene Volvo V40 yn de saak fan de oerfal op in 58-jierrige frou út De Jouwer. De auto is sjoen doe't dy tiisdeitemoarn mei hege faasje troch de Warring ried. Dêr is de frou tiisdeitemoarn yn har eigen hûs oerfallen. De oerfaller naaide út mei in ûnbekend jildbedrach. De plysje sette fuortendaliks in klopjacht op en sette dêrby ek Burgernet yn, mar hat de man noch net fûn. It giet om in blanke man fan sa'n 20 jier en 1 meter 80 lang. Hy hat ljocht hier en hie in swarte pet en sinnebril op.