Fryske nominaasjes wetterpriis

Koehoal © Omrop Fryslân, Geale Groen
Twa inisjativen út Fryslân binne nominearre foar de lanlike wetterynnovaasjepriis 2012 fan de Unie van Waterschappen. Yn de kategory oerheden is it projekt 'Waterschoon' út de wyk Noarderhoek yn Snits nominearre. Hjirby wurdt it ôffalwetter fan rom twahûndert wenningen skieden ynsammele en skjinmakke mei help fan in lytse suveringsynstallaasje yn de buert.
Yn de kategory bedriuwen is it DMC Systeem fan Landustrie út Snits nominearre. Hjir giet it om in avansearre sensortechnology foar dykbewaking. De feestlike útrikking is ein novimber.