DNA-spoar yn saak Heijltjes

13 nov 2012 - 15:14
  • DNA-spoar yn saak Heijltjes
  • Plysje-wurdfierder Wouter de Vries
  • Nochris Wouter de Vries
  • De dochter fan Marijke Heijltjes

Mooglik is der in DNA-spoar fan 'e dieder fûn yn 'e moardsaak Marijke Heijltjes fan Easterwâlde. De 67-jierrige Heijltjes is op 12 septimber dea yn har wenning fûn. Binnen en bûten binne diederspoaren fûn dy't op it stuit ûndersocht wurde yn it Nederlands Forensisch Instituut op DNA. Der is tiisdeitejûn omtinken foar de moardsaak yn Opsporing Verzocht.

De plysje is op syk nei fiif persoanen dy't yn 'e wiken en dagen foar de moard yn 'e strjitte sjoen binne dêr't Heijltjes wenne.

De plysje hopet dat dy minsken ynformaasje hawwe sadat de saak oplost wurde kin. Ek de dochter fan frou Heijltjes komt tiisdei oan it wurd. De plysje siket nei in man dy't oant twa kear ta frege hat oft er foto's meitsje mocht yn it hûs fan Heijltjes.

(advertinsje)