Protest huzesloop Surhús'fean

13 nov 2012 - 12:03

Bewenners fan de Langeleane en de Mounewei yn Surhústerfean protestearje tsjin de foarnommen sloop fan harren huzen. Stifting Wenningbou Achtkarspelen wol de huzen net langer opknappe mar binnen twa jier slope. De huzen soene te âld wêze. Neffens de wenningstifting is opknappen finansjeel net ferantwurde. De bewenners sizze dat fergelikbere wenningen yn de Grinzer Pein wol opknapt binne. Se wolle net út harren huzen wei en hawwe no protestbuorden yn de tún set.

Trefwurden: 
Surhústerfean sloop huzen
(advertinsje)