Frou ferwûne op Skylge

13 nov 2012 - 10:58

By in ûngelok op Skylge is moandeitejûn in frou ferwûne rekke. Doe't se mei de auto oer de Hoofdweg by West-Skylge ried, rekke de frou troch noch ûnbekende oarsaak fan 'e dyk en belâne op 'e sydkant yn in sleat. De frou rekke dêrby beknypt en moast troch helpferlieners út de auto helle wurde. Doel wie dêrnei har mei de helikopter nei de fêste wâl te fleanen, mar fanwege mist koe dy helikopter net op it eilân komme. De frou is dêrom mei de snelboat nei Harns brocht en fan dêrút nei it sikehûs flein.

Trefwurden: 
ûngelok West-Skylge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)