Ferkearsoerlêst Ljouwert
Ferkear dat Ljouwert yn wol fia it Drachtsterplein moast tiisdeitemoarn rekken hâlde mei in lange file. It ferkear stie tusken de Wâldwei en it Drachtsterplein hielendal fêst. Reden foar it opûnthâld wie dat tusken de Drachtsterbrêge en it plein yn de spits strepen op de dyk lutsen waarden.