Sintrale wol ambulânsesliden

13 nov 2012 - 07:26
  • Sintrale wol ambulânsesliden
  • Harkje nei Sjoerd Joustra
  • Erick Neuman fan Ambulânsesoarch
  • Erick Neuman fan Ambulânsesoarch

De iiswegesintrale fan it eardere Wymbritseradiel wol ambulânsesliden om earste help te ferlienen op it iis. By de drokte op it iis yn febrewaris rûnen in soad riders ferwûnings op en wie it dreech om harren by de helpferlieners te bringen. De marren en fearten fan de iiswegesintrale binne min te berikken foar ambulânses. Bytiden moast de ambulânse dwers troch de greiden om by in slachtoffer op it iis te kommen.

Mei in slide, lykas de saneamde bananen dy't yn wintersportgebieten brûkt wurde, soe dat makliker wurde.

De iiswegesintrale stelt by de Friesche IJsbond foar mei alle iiswegesintrales op syk te gean nei in slide. Op 24 novimber wurdt it foarstel bepraat.

Ambulânsesoarch Fryslân docht dizze winter in proef mei in krekt oanskafte sniescooter. Dêrmei wolle se de helpferliening oan minsken dy't ferwûne reitsje op it iis ferbetterje.

(advertinsje)