Akkrumer slachter top

Slachter Spijkerman fan Akkrum is de bêste ambachtlike slachter fan Nederlân. De Akkrumer slachter krige dy ûnderskieding moandeitejûn yn Utrecht. De jûn wie organisearre troch it Vleesmagazine.
De Akkrumer wie mei sân oare kollega-slachters yn de finale kommen nei't se beoardiele wiene op saken lykas presintaasje, assortimint en in konsuminte-ûndersyk.