Fryske VVD tefreden

Fryske VVD'ers kinne harren hielendal fine yn it oanpaste regearakkoart dat moandeitejûn sletten is tusken de VVD en de PvdA. Se binne bliid mei de ekskuzes fan Rutte en tige te sprekken oer it skrassen fan de ynkommensôfhinklike soarchpreemje. Dat die moandeitejûn bliken op in VVD-gearkomste yn Drachten.
Wylst yn de Twadde Keamerfraksje oer it nije akkoart sprutsen waard, praten de Twadde Keamerleden Anne Wil Lucas, Aukje de Vries en Ton Elias mei de leden yn Drachten. Der wie in soad krityk op de fraksje en op Rutte.