Ite yn slachthûs

12 nov 2012 - 22:17

It eardere gemeentlike slachthûs fan Snits hat in nije bestimming krigen en Snits hat der in attraksje by. Boargemaster Apotheker hat moandei it kulinêre sintrum Lokaal 55 offisjeel iepene.

It slachthûs is yn 1931 boud yn de Amsterdamske styl. De eigeners hawwe it gebou safolle mooglik yntakt holden, sadat fan binnen oeral it âlde slachthûs te werkennen is. De rails en de heakken dêr't de deade kij oan hongen binne der noch. Yn it gebou binne twa itensiedstudio's, in wynpriuwerij en in romte om te iten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)