Ljouwerter rugbyer selektearre
Jeugdspiler Rylan Currell fan de Ljouwerter rugbyklup Greate Pier is selektearre foar it Nederlânsk rugbyteam ûnder de 17 jier. Currell is frege om mei te dwaan oan in seleksje fan 42 spilers, dy't in plak besykje te krijen yn in ynternasjonale wedstriid. De earste tolve rugbyspilers moatte letter dizze moanne de foarseleksje ferlitte.