Bermen Steggerda stikken riden

De gemeente Weststellingwerf nimt needmaatregels tsjin it noch fierder stikken riden fan lytse dykjes by Steggerda. De trochgeande dyk troch it doarp is fanwege wurk acht oant tsien wiken ticht. Ferkear fan Noardwâlde nei De Blesse moat omride. Bliken docht dat de bermen fan de omliedingsrûte dêr swier fan te lijen hawwe. Der leit ek in soad modder op 'e dyk en dat jout neffens de gemeente gefaarlike sitewaasjes.
Op sechtsjin plakken wurde no passearstroken oanlein. It duorret noch wol in jier foardat de trochgeande dyk klear is.
De gemeente hat ferskate klachten krige oer de sitewaasje op de omliedingsrûtes. Dêrnei hat de gemeente sels ek konstatearre dat de tastân gefaarlik is. Mei de winter foar de doar is it skema fan de strui-auto's oanpast. By glêdens wurdt op de omliedingsrûtes ek struid.