Finnbogason net tsjin Andorra

12 nov 2012 - 13:14

Hearrenfeanspits Alfred Finnbogason hat ôfsein foar de oefenynterlân Andorra-Yslân. Finnbogason hat lêst fan syn heup en de Yslanner wol gjin risiko nimme. Foar de wedstriid fan snein tsjin PSV wie hy ek al net fit, mar koe hy dochs meispylje. Kommende sneon hopet Finnbogason meidwaan te kinnen yn de thúswedstriid tsjin RKC.

(advertinsje)