Koarting op bouputsjes

12 nov 2012 - 13:05

In koartingsaksje moat lytse boubedriuwen de winter troch helpe. Sawat tachtich bedriuwen yn Noard-Nederlân jouwe 25 euro de man deis koarting op binnendoarputsjes. De winter is altyd al in drege perioade foar de bou, mar no mei de krisis is hielendal slim.

De winterkoarting is ferline jier foar it earst ynfierd, doe't it legere BTW-taryf yn 'e bou net ferlingd waard. It wie doe súkselfol en it hat guon bedriuwen sels oerein hâlden.

De koartingsaksje is in idee fan de Noordelijke Vereniging Burgerlijk en Utiliteitsbouw, de NVBU. De feriening tinkt sels dat it dit jier noch mear nedich is as ferline jier, om't de krisis no folle grutter is. De aksje rint fan 19 novimber oant en mei 22 maart.

Trefwurden: 
bou BTW NVBU
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)