Jonges mei fjoerwurk pakt
Trije jonges binne sneintemiddei yn Twizelerheide trapearre op it ôfstekken fan fjoerwurk. Twa fan harren binne 13 jier, ien is 12 jier en ien is 14 jier.
De jonges hiene it fjoerwurk ôfstutsen en yn tunen smiten oan de Hillebrandsreed. Dêr krige se in bekeuring foar.