Frou besketten mei buks

12 nov 2012 - 10:30

In 19-jierrige Ljouwerter is sneintejûn oanhâlden foar ferbean wapenbesit. Hy soe mei in buks in 18-jierrige stedsgenoate besketten hawwe. Dat wie op 'e Grinzerstrjitwei. De frou hie nei it ynsidint de plysje belle.

De plysje fûn by de man thús oan 'e Grinzerstrjitwei trije luchtbuksen mei munysje en trije messen. Dy binne yn beslach naam. De frou is net ferwûne rekke. De man sit fêst yn ôfwachting fan it ûndersyk.

Trefwurden: 
buks
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)