Hannelsmisje nei Brazilië

Goed 150 bedriuwen út Nederlân gean oare wike op hannelsmisje nei Brazilië. Ut Fryslân dogge ûnder oare Paques út Balk en boatebouwer Boarnstream út Jirnsum mei. It is de grutste hannelsmisje ea. Hy stiet ûnder lieding fan minister Lilliane Ploumen fan bûtenlânske hannel en ûntwikkelsingsgearwurking.
De hannelsmisje is keppele oan in offisjele besite fan prins Willem Alexander en prinses Máxima oan Brazilië. Saaklik lieder fan de delegaasje is foarsitter Hans Biesheuvel fan MKB Nederlân.