Snits Wyt Swart 2-0 ûnderút

11 nov 2012 - 16:32

Snits Wyt Swart Boso Snits hat snein mei 2-0 ferlern fan Hollandia. Yn Hoorn kamen de Snitsers nei in goed kertier spyljen mei 1-0 efter. Fuort dêrnei wie it opnij Hollandia dat it fizier op skerp hie en binnen it kertier de 2-0 op it boerd sette.

Yn de twadde helte besocht trainer Johan Groote mei tal fan wissels it tij te kearen. De Snitsers slaggen der lykwols net yn in fûst te meitsjen. Ek oan de kant fan de thúsploech wie it krûd damp. De tuskenstân waard sadwaande ek de einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)