Leenstra beslút NK mei goud

Marrit Leenstra fan Wikel bekroant in goed wykein mei goud op de 1000 meter by it NK ôfstannen. Mei har tiid fan 1.16.39 wist se har ploechgenoate Lotte van Beek (1.16.97) krekt foar te bliuwen. It brûns wie foar Diane Valkenburg (1.17.07). Freed einige Leenstra as tredde op de 1500 meter. Sneon pakte de rydster fan Team Van Veen in wrâldbekerticket op de 500 meter.
Ireen Wüst stelde teloar op de ôfslutende ôfstân. De rydster fan TVM einige op it sechsde plak mei in tiid fan 1.17.32. Ek Margot Boer foel tsjin mei in 7e plak (1.17.67).
Titelhâldster op de 1000 meter Thijsje Oenema wist nei it goud fan sneon op de 500 meter net opnij te piken. Oenema einige as 13e en ferliest dêrmei har titel oan Leenstra.
Anice Das belibbe in geweldich wykein yn Thialf. De rydster fan Team Anker waard fjirde op de 500 meter en fyfde op de 1000. Dêrmei pakt de rydster fan It Hearrenfean twa startplakken foar de wrâldbeker.