De Vries tredde op 1000 meter

11 nov 2012 - 15:05

Sjoerd de Vries fan Twellingea is snein tredde wurden op de 1000 meter yn Thialf. De Vries sette in tiid fan 1.09.31 op de klok en naam dêrmei knap revâns op syn teloarstellende prestaasje op de 1500 meter. Doe waard de rider fan team Beslist.nl achtste.

De nasjonale titel gong lykas op de 1500 meter nei Kjeld Nuis. Syn tiid fan 1.09.05 gong as winnende tiid de boeken yn. Hein Otterspeer einige mei in tiid fan 1.09.11 op it twadde plak.

Foar Jesper Hospes fan It Hearrenfean ferrûn it NK ôfstannen teloarstellend. Op de 1000 meter einige Hospes bûten de top 10. Freed einige Hospes as sechsde op de 500 meter, dêrtroch grypte er krekt njonken it wrâldbekerticket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)