Meijer pakt brûns op 5000 m

11 nov 2012 - 14:34

Rixt Meijer fan It Hearrenfean hat snein ferrassend it brûns pakt op de 5 kilometer by it NK ôfstannen yn Thialf. Meijer ried in knappe tiid fan 7.09.92, wêrmei't se har persoanlik rekôr mei mar leafst 7 sekonden ferbettere.

De nasjonale titel op de langste ôfstân foar froulju gong oertsjûgjend nei Marije Joling. De rydster fan Team Corendon klokte in tiid fan 7.06.03. Diane Valkenburg, sneon noch winneres op de 3 kilometer, einige as twadde yn in tiid fan 7.08.48.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)