Ferlies follybalfroulju Snits

11 nov 2012 - 13:50

De follybalfroulju fan Snits ha sneontejûn yn in spannende thriller mei 3-2 ferlern fan Irmato Weert. Yn Weert gong de winst yn de earste twa sets nei de thúsploech. Benammen yn de twadde set krige it publyk in prachtige striid te sjen.

De froulju fan trainster Petra Groenland herpakten har knap. Mei goed spul hie Weert yn de tredde en fjirde set it neisjen. It wie úteinlik de thúsploech dy't yn de fyfde en beslissende set oan it langste ein luts. Setstannen wienen 25-21, 26-24, 16-25, 17-25 en 15-12.

De Snitser froulju steane mei 12 punten út 5 wedstriden op it twadde plak yn de Dela earedivyzje. Oan de lieding giet Sliedrecht Sport mei 17 punten út 6 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)