Fytser mishannele yn Ljouwert

11 nov 2012 - 12:55

De plysje hat sneontenacht fjouwer jonges út Ljouwert yn de leeftyd fan 17 oant 19 jier oanhâlden fanwege it mishanneljen fan in fytser. Sy lieten op de Harnzersingel in fytser út Alphen aan den Rijn (31) falle troch de man mei de fûst te slaan. Oanslutend krige de man ek klappen fan in pear oare jonges.

De man koe ûntkomme en belle de plysje, dy't de fjouwer al gau oanhâlde koe. De fjouwer jonges binne ynsletten. De plysje besiket yn it ûndersyk fêst te stellen wat elts fan harren krekt dien hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)