Frou krijt klappen yn Surch

De Caspar di Roblesdyk yn Surch © Google Streetview
De plysje hat sneontenacht in Wommelser (30) oanhâlden fanwege mishanneling. De man soe in frou (22) út Pitersbierrum slein hawwe yn it kafee fan Surch. Yn de útgeansgelegenheid oan de Caspar de Roblesdyk hiene ferskate minsken spul mei-inoar krigen. De frou krige dêrby in klap fan de Wommelser.
De frou waard foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs. De plysje koe de man justjes letter oanhâlde yn in wenhûs oan It Leech. De man is ynsletten yn ôfwachting fan fierder ûndersyk.