Beaujolais-rally wer ûnderweis

© Omrop Fryslân
Ut Drachten wei is sneintemoarn in groep minsken yn klassike auto's ôfset nei Frankryk om de Beaujolais primeur op te heljen. De Beaujolais Trophy is de ôfrûne jierren in tradysje wurden. It idee om de jonge reade wyn sels op te heljen út Frankryk waard yn 1996 betocht.
It is yn de ôfrûne jierren útgroeid ta it grutste rally-evenemint fanút Noard-Nederlân. Der dogge dit jier 162 minsken yn 70 auto's oan mei. Der wurdt ek alle jierren in goed doel oan keppele. Dit jier is dat in soarchpleats yn De Feanhoop.