Oenema prolongearret titel

10 nov 2012 - 17:07

Thijsje Oenema fan De Jouwer hat sneon mei sukses har titel prolongearre op de 500 meter sprint. Op beide 500 meters wie de rydster fan Team Liga de rapste. Mei in tiid fan 38,51 wie Oenema yn de earste race krekt rapper as ploechgenoate Margot Boer fan Goaiïngaryp (38,66). Ek de twadde 500 meter waard in proai foar Oenema. Yn in rjochtstreeks duel mei Boer skerpe se har tiid oan ta 38.36.

Boer einige op de twadde 500 m as 3e (38,62) efter Laurine van Riessen (38,52) en pakte dêrmei sulver yn it einklassemint. It brûns wie foar Van Riessen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)