ONS fersterket kopposysje

10 nov 2012 - 16:33

ONS Boso Snits hat sneon mei 2-1 wûn fan Nunspeet. Yn Nunspeet kaam de Snitser koprinner goed út de startblokken troch in betide treffer fan Sandor van der Heide. Foar it skoft waard in doelpunt fan Arnold Herder ôfkard wegens bûtenspul.

Yn de twadde helte makke Nunspeet fanút in frije traap de lykmakker. De oanlieding fan dizze frije traap wie in botsing mei keeper De Vries, wêrnei't de Snitser doelman net fierder koe. Yn blessueretiid wie it Curty Gonzales dy't de winnende treffer op syn namme skreau.

Troch de winst stiet ONS no trije punten los fan de nûmer twa Staphorst. De Snitsers gean oan kop mei 21 punten út 10 wedstriden.

Trefwurden: 
fuotbal ONS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)