Harkiten pakke punt tsjin SVZW

10 nov 2012 - 16:30

Harkemase Boys hat sneon op sportpark De Bosk mei 2-2 lykspile tsjin SVZW. De gasten út Wierden kamen nei in lyts healoere fertsjinne op foarsprong troch in fier ôfstânsskot. Nettsjinsteande de grutte kânsen foar SVZW wie it Jelmer Slager dy't de Boys mei in hurde knal op 1-1 sette.

Nei it skoft stelde SVZW oarder op saken troch út de earste oanfal te skoaren. Op syk nei de lykmakker spile de ploech fan trainer Willem Brouwer alles of neat. Opnij wie it Jelmer Slager dy't de Harkiten op likense hichte sette en dêrmei foar de einstân tekene.

Harkemase Boys stiet mei 10 punten út like folle wedstriden op plak 12.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)