Dealer oppakt op 'e Weaze
Op de Weaze yn Ljouwert hat de plysje freed in drugsdealer oanhâlden. De plysje wie warskôge dat it groepke manlju foar oerlêst soarge. De plysjeminsken seagen dat der deald waard en hâlden in 30-jierrige man sûnder wen- of ferbliuwplak oan.
De man hie fyftjin boltsjes harddrugs by him. De man sit noch fêst.