CDA: fiskerijhaven opknappe

10 nov 2012 - 11:34

As der miljoenen ynvesteard wurde sille yn Lauwerseach dan moatte earst de fiskerijhaven en de fiskôfslach oanpakt wurde. Dat seit it CDA yn de gemeente Dongeradiel. It CDA is besoarge oer de machtsstriid by de haven, no't de gemeenten Dongeradiel en De Marne de kommissarissen Baas en Bakker fan it havenbedriuw ûntslein hawwe.

Neffens CDA-riedslid Van der Galiën wurdt it tiid dat Dongeradiel mei de fûst op tafel slacht op Lauwerseach om op te kommen foar de belangen fan de fiskers en de bedriuwen yn de haven.

'Je krije no wolris it idee dat de gemeente De Marne allinnich de baas is op Lauwerseach, mar sa is it fansels net', seit Van der Galiën. 'Dongeradiel hat 45 % fan de oandielen, de fiskers en de fiskôfslach hawwe mei-inoar 10 % en De Marne ek 45 %.' Van der Galiën wol ek kontakt sykje mei syn partijgenoaten yn gemeente De Marne en mei deputearre Poepjes om te sjen nei mooglike oplossingen foar it skeel by it havenbedriuw.

Yn de haven fan Lauwerseach wurkje sa'n 430 minsken. Sa'n 300 fan harren wenje yn de gemeente Dongeradiel. De haven fan Lauwerseach is dêrmei in belangrike ekonomyske faktor yn de regio. It CDA is der net op tsjin dat der ek ynvesteard wurdt yn it toerisme op Lauwerseach, mar fynt dat fiskerij en oanbelangjende bedriuwen earst de romte krije moatte om har te ûntwikkeljen. Neffens it CDA is de fiskerijhaven no te lyts en is der ek achterstallich ûnderhâld. Wol kin neffens it CDA de fiskôfslach oantrekliker makke wurde foar toeristen troch dêr ek in merk foar farske fisk oan te keppeljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)