Bobsliders nominearre foar OS

Sybren Jansma © Omrop Fryslân
By de earste wrâldbekerwedstriden bobslydzjen yn Lake Placid hat Sybren Jansma fan De Pein fuortdaalk in Olympyske nominaasje binnenhelle. Mei syn stjoerman Edwin van Calkar helle er it sechde plak, ta harren beider grutte ferrassing. De tiid fan 1.52,51 wie rom binnen de Olympyske limyt.
Jansma hat lêst fan in blessuere oan de rêch en it skouder en moat it dêrom foarsichtich oan dwaan. Hy komt dêrom dit wykein allinne yn de twamansbob yn aksje.