Lykspul Cambuur tsjin AGOVV

09 nov 2012 - 23:27

Nei trije ferliespartijen is Cambuur der yn de thúswedstriid tsjin AGOVV Apeldoorn wer net yn slagge te winnen. It bleau freedtejûn yn Ljouwert teloarstellend 0-0. Cambuur spile de earste helte net goed. De Ljouwerters hienen wol in protte balbesit, mar wisten amper kânsen te kreëaren.

Yn de twadde helte kamen dy kânsen wol, mar it slagge Cambuur net keeper Hengelman fan AGOVV te passearen. Wout Droste krige yn de 82e minút in reade kaart nei in oertreding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)