Michel Mulder bêste sprinter

Michel Mulder © ANP
Michel Mulder is mei twa prachtige 500 meters foar de earste kear yn syn karriêre Nederlânsk kampioen wurden. Op it NK ôfstannen yn Thialf bleau er as iennige beide kearen ûnder de 35 sekonden: 34.96 en 34.98. Jan Smeekens, de kampioen fan it ôfrûne seizoen, waard twadde mei 35.23 en 35.07. Hein Otterspeer pakte it brûns mei 35.18 en 35.14.
De Friezen Jesper Hospes en Sjoerd de Vries waarden sechsde en sânde. Dat betsjut dat se net útkomme sille op de earste twa wrâldbekerwedstriden fan it seizoen op de 500 meter.