Soarchpreemjes dochs oanpast

09 nov 2012 - 17:19

It plan fan it nije regear om de soarchpreemjes ynkommensôfhinklik te meitsjen wurdt oanpast. De VVD en de PvdA sykje nei in oplossing om foaral de grutte ûnrêst by de VVD fuort te nimmen. It kabinet ferwachtet moandei mei in oplossing te kommen.

Foarsitter Ger Jaarsma fan de VVD Fryslân fynt dat it iepenbrekken fan it regearakkoart de goede oplossing is, om't de VVD-achterban him nochal hearre liet. De PvdA yn Fryslân ferwachtet dat no better sjoen wurdt nei in soarchfâldiger ynfiering fan de ynkommensôfhinklike soarchpreemje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)