Kolleksje Jongepier oerdroegen

09 nov 2012 - 14:35

De neilittenskip fan oargelist Jan Jongepier is tongersdeitejûn oerdroegen oan Tresoar. It giet om boeken en dokuminten oer oargels, sammele troch Jongepier dy't ferline jier ferstoar.

De oerdracht fûn plak yn 'e Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Jongepier wie oargelist yn ieren en sinen. Hy bespile fan 1981 oant 2006 it oargel fan 'e Grutte of Jakobiner Tsjerke. De kolleksje is no ûnderbrocht yn it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)