Intensive care wer iepen

09 nov 2012 - 13:48

De ôfdieling intensive care fan sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean giet freedtemiddei wer iepen. Neidat dêr ferline wike MRSA-baktearje-besmetting konstatearre waard by twa pasjinten waard de ôfdieling sletten.

No is konstatearre dat der gjin oare pasjinten en personiel besmet binne. De intensive care is desynfektearre. Hy giet freedtemiddei om trije oere wer iepen.

Trefwurden: 
MRSA
(advertinsje)