Gaslek yn Harns

09 nov 2012 - 13:37

Yn de Joost van den Vondelstrjitte yn Harns hat freedtemoarn in koart skoftke in gaslek west. It gat is nei alle gedachten ûntstien troch graafwurk. De brânwacht en netbehearder Enexis wiene oanwêzich by it lek.

It lek koe al gau wer tichtmakke wurde. Wol wurdt der op 't heden noch wurke om de gasoansluting yn de strjitte wer op oarder te krijen. It is net dúdlik hoelang't dat noch duorje sil.

Trefwurden: 
gaslek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)