Groeneveld krijt wichtige rol

09 nov 2012 - 12:09

Irona Groeneveld fan Burgum wurdt foarsitter fan in lanlike kommisje dy't nije bestjoersleden foar Grien Links siket. It foarige partijbestjoer stapte op 6 oktober op nei krityk. It bestjoer soe net goed hannele hawwe by partijproblemen om de ferkiezings hinne. It spruts nei de ferkiezings earst it betrouwen út yn partijlieder Jolande Sap om har dêrnei falle te litten.

Sap en it bestjoer fan Grien Links ferdwûnen dêrnei fan it toaniel. Groeneveld is foarsitter fan Grien Links yn provinsjale steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)