Henk de Jong nei ONB

09 nov 2012 - 10:59

Henk de Jong wurdt takom seizoen trainer fan sneinsearsteklasser ONB. De Jong sil de klup traine tegearre mei syn broer René dy't no noch haadtrainer is by de Drachtsters.

Henk de Jong nimt de funksje op him neist syn wurksumheden by SC Cambuur, dêr't er koartlyn syn kontrakt ferlingde oant 1 july 2015. De Jong wie earder ek yn byld by haadklasser ONS, mar dat wie net te kombinearjen mei syn wurk by SC Cambuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)