MRSA-besmetting hast foarby

09 nov 2012 - 10:42

Sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean beslút freedtemiddei oft de intensive care en de hertbewaking wer iepen kinne. Dy ôfdielings waarden snein sletten, neidat by in pasjint besmetting mei de MRSA-baktearje fêststeld wie. Letter waard noch in besmetting fûn.

De ôfdielings binne skjinmakke en desynfektearre. Oant no ta binne by goed 145 pasjinten en personielsleden gjin nije besmettings fûn.

Trefwurden: 
Tsjongerskâns MRSA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)