Skoalkampus op It Bilt

09 nov 2012 - 09:58

De gemeenteried fan It Bilt is it yn mearderheid iens mei de plannen foar in skoalkampus yn Sint Anne. Allinnich de partij Frije Bilkerts stimde tsjin. Skoallen en bedriuwen út fjouwer gemeenten wurkje gear yn 'e nije kampus. Dat binne de gemeenten It Bilt, Menameradiel, Ljouwerteradiel en Ferwerderadiel.

Yn de kampus komme ûnder oare de iepenbiere skoalmienskip Piter Jelles en de kristlike skoalmienskip Ulbe van Houten. De skoalkampus moat komme oan de Dirk Janzstraat yn Sint Anne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)