Simpeler beammen kappe

08 nov 2012 - 23:02

It wurdt tenei folle simpeler om beammen te kappen yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Om te skrassen yn it oantal fergunningsoanfragen hat de gemeente goed 2400 beammen opnommen yn in saneamd beammeregister en allinnich foar it kappen fan dy beammen is noch in kapfergunning nedich. De beammen dy't yn it register steane binne fan monumintale of kultuerhistoryske wearde of binne byldbepalend. Njonken de beammen yn it register bliuwt it ek ferbean om beammen sûnder fergunning te kappen yn saneamde grienklusters, sa as parken en bosken.

Trefwurden: 
beammen kappe SWF
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)