VVD Tdiel yn opstân oer soarch

De riedsfraksje fan de VVD yn Tytsjerksteradiel ropt yn in iepen brief oare VVD-riedsfraksjes yn Nederlân op om yn opstân te kommen tsjin de ynkommens ôfhinklike soarchpreemje. De brief, dy't offisjeel rjochte is oan VVD-fraksjefoarsitter Halbe Zijlstra en oan partij-foarsitter Benk Korthals, is tongersdeitejûn foarlêzen yn de gemeenteried. Yn de brief ropt de VVD Tytsjerksteradiel de lanlike kollega's op om de ôfspraken op it mêd fan de soarchpreemje werom te draaien.
Ek oare punten út it regearakkoart, sa as beheining fan de hypoteekrinte, kinne rekenje op fûle krityk. Mei de brief wol de VVD Tytsjerksteradiel net allinich in sinjaal ôfjaan nei de lanlike en lokale kollega's, mar benammen ek nei de eigen kiezers.