Frysk busferfier ferbettere

Connexxion © ANP XTRA
De kwaliteit fan it Frysk busferfier is dit jier dúdlik ferbettere yn fergeliking mei earder ûndersyk yn 2010. Dat docht bliken út in saneamd 'mystery-guest' ûndersyk yn opdracht fan de provinsje Fryslân. Dat betsjut dat de ûndersikers operearje as gewoane reizgers. De bussen ride faker op tiid en de tsjinstferliening fan de bussjauffeurs is goed. Ek falt op dat reizgje mei de OV-chipkaart sa'n bytsje sûnder problemen ferrint. Wol binne der noch ferbetterpunten. Sa is it automatysk omroppen fan de haltes yn de bussen net goed te hearren.