Soargen CU oer miljeu Waad

It Waad by Paezens-Moddergat
De ChristenUnie makket him soargen oer de natuer en it miljeu yn it Waadgebiet. Neffens keamerlid Carla Dik-Faber binne it yn it Waadgebiet allegear losse projekten en is it net dúdlik wat de negative effekten binne fan alle aktiviteiten op natuer en miljeu. Dik-Faber hat hjiroer fragen steld oan de minister en steatssikretaris fan ekonomyske saken. Se docht dat nei oanlieding fan berjochten dat de winning fan seesâlt mooglik soargje kin foar djippe gatten yn de boaiem fan de Waadsee.