Toeristysk byld hieltyd breder

It byld fan de provinsje Fryslân as toeristyske attraksje wurdt hieltyd breder. Dat is de belangrykste konklúzje fan ûndersyk nei it toeristysk imago yn de provinsje. It ûndersyk is útfierd troch Fryslân Marketing. Fryslân wurdt noch altyd folop assosjearre mei wettersport, mar ek romte en natuer wurde hieltyd faker neamd.
Yn dat ferbân kaam de namme fan it gebiet de Fryske Wâlden opfallend faak nei foarren. Fierders binne op stap gean en lekker ite belangrike aktiviteiten foar besikers oan Fryslân.