Soad folk op 'Potato Days'

De Potato Days by de HZPC lûke dit jier klanten en relaasjes út sa'n 60 lannen nei De Jouwer. Njonken Europeeske lannen giet it ek om lannen as Ruslân, Syrië, Sina, Egypte, Algerije en Súd-Afrika.
Op it evenemint komme ek oansletten bouboeren dy't poatierappels ferbouwe, om mei klanten te praten en har eigen jirpelrassen te promoatsjen. De HZPC is, mei Agrico, de grutste poatierappeleksporteur fan Nederlân. Guon saaklike relaasjes reizgje by beide bedriuwen del, oaren dogge eksklusyf saken mei de HZPC.
Op de Potato Days wurde elts jier ek in stikmannich nije jirpelrassen útstald. In nije trend binne jirpels yn oare kleuren lykas read en pears. Benammen de hoareka hat dêr wol belangstelling foar. De HZPC docht it, nettsjinsteande de krisis, net min neffens direkteur Backx, al wurdt it wol lestiger om lannen dy't in soad lest hawwe fan de krisis ek betelje te litten foar de jirpels. De HZPC docht hjirby syn bêst om yn alle gefallen de saaklike relaasjes, dy't faak al hiel lang besteane, yn stân te hâlden.