Part sintrum Philips ticht

08 nov 2012 - 14:14

It ynnovaasjesintrum fan Philips Drachten driget de ûntwikkelingsôfdieling foar keukenapparatuer kwyt te reitsjen. It elektroanikakonsern wol de ôfdieling oerbringe nei Klagenfurt yn Eastenryk. Op de ôfdieling yn Drachten wurkje 46 minsken. Foar 41 meiwurkers kin ferfangend wurk socht wurde.

De ûntwikkeling foar skearapperaten, de grutste ôfdieling binnen it Fryske ynnovaasjesintrum bliuwt wol yn Drachten. By Philips yn Drachten wurkje op dit stuit mear as 2000 meiwurkers.

Trefwurden: 
Philips ynnovaasjesintrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)